Transfer Bob Schepers klear

30 aug 2011 - 18:52

De transfer fan Bob Schepers fan Cambuur nei Utrecht is klear. De oanfaller tekent in kontrakt foar trije jier, mei in opsje foar noch twa jier. Schepers makket dit seizoen wol ôf by Cambuur.

Utrecht ferhiert him oan de Ljouwerters sadat er ûnderfining opdwaan kin. Cambuur krijt in transfersom foar Schepers en as de oanfaller letter trochferkocht wurdt, hat Cambuur rjocht op in persintaazje fan de ferkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)