Brân by rugbyklup It Fean

30 aug 2011 - 16:27

Tiisdeitemiddei hat der brân west yn it materiaalhok fan de rugbyklup op It Hearrenfean. It hok njonken de kantine is hielendal útbaarnd. Neffens de brânwacht is de brân nei alle gedachten oanstutsen.

Krekt foardat de brân útbruts, hiene minsken fan de rugbyklup der noch oan it wurk west yn ferbân mei in opknapbeurt fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)