Pontsje Keimpetille súkses

30 aug 2011 - 13:33

It nije pontsje fan Keimpetille hat yn in moanne tiid al 3500 minsken oerset. De pont fart oer it Van Harinxmakanaal, tusken Sweins en Hatzum. De inisjatyfnimmers hiene ferwachte dizze simmer sa'n tûzen besikers te lûken, mar dat binne der dus in stik mear. Dizze wike fart de pont noch alle dagen. Yn septimber allinne noch yn it wykein.

De stichting 'Keimpetille, it pontsje werom' hat 6 jier dwaande west om it pontsje wer farre te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)