Mear leden biblioteek Drachten

Biblioteken hawwe it dreech yn dizze tiid fan nije media lykas ynternet en e-readers. It tal leden rint werom, der binne folle minder útlienings en guon biblioteekfêstigings binne ticht gien. Dat is it algemiene byld, mar dat jildt net foar Smellingerlân.
De biblioteek yn Smellingerlân hat dit jier in ledegroei fan 16 prosint trochmakke. De groei soe te tankjen wêze oan it minne simmerwaar en de resesje wêrtroch't lêzers minder boeken sels keapje.