Auto en rydbewiis kwyt

30 aug 2011 - 10:57

In 26-jierrige man út Akkrum moast moandei syn auto ynleverje. Plysjes seagen de man op de Jousterwei yn Aldehaske wylst se wisten dat hy gjin rydbewiis hat. De man hie dêr al ferskate bekeurings foar krigen.

In 20-jierrige Snitser rekke moandei op de Ofslútdyk syn rydbewiis kwyt. Hy ried 122 kilometer op it stik dyk wer't 70 it maksimum is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)