Ark stellen út bedriuwsloads
In bedriuw út De Gaastmar is bestellen fan in soad ark, lykas boarmasines. De dieven sloegen har slach yn in bedriuwsloads oan de Munkedyk. Dêr stiene de buskes fan it bedriuw.
De dieven kamen deryn troch in doar te fernielen. De forensyske opspoaring docht noch ûndersyk nei de spoaren dy't de dieven efterlitten hawwe.