Demoflecht foar nij gebou

Boppe de fleanbasis yn Ljouwert binne tongersdei trije demonstraasjeflechten. Dy wurde dien om't der in nij ûnderkommen is foar it 322 Squadron.
It gebou wurdt iepene troch Appie Plesman. Syn broer, Jan Plesman, waard yn 1944 boppe Frankryk delhelle troch de Dútsers. Syn lichem en it fleantúch binne nea weromfûn. It 322 Squadron holp de famylje by de syktocht. Dêrom binne sy útnoege foar de iepening.