Diel Blauwe Golf tydlik ticht

29 aug 2011 - 16:47

It golfslachbad fan de Blauwe Golf yn Ljouwert giet fan 5 septimber ôf foar seis wiken ticht. It tweintich jier âlde bad wurdt opknapt. De ferljochting wurdt enerzjysuniger en yn it bad komme nije tegels. Om it swimbad hinne komt in flier út ien stik dy't stroefer en hygiënysker is as de âlde tegels. Under wetter wurde kleurige LED-lampen ynstallearre. It wedstriidbad, it ynstruksjebad en it doelgroepbad bliuwe gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)