Skip keunstner hast te wetter

29 aug 2011 - 14:26

It skip fan papier-masjee fan de Ljouwerter keunstner Marten Winters wurdt op snein 11 septimber yn de Prinsetún yn Ljouwert te wetter litten. It skip is 20 meter lang. It is it ôfrûne jier makke op it binnenplein fan de âlde finzenis Blokhúspoarte yn Ljouwert.

Doel fan it projekt is om mei-elkoar te bouwen oan in dream en te ûnderfinen dat it ûnmooglike wiermakke wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)