Omrop Kanaal 30 ferhuzet

29 aug 2011 - 14:18

In ferhuzing nei in oar gebou moat yn de takomst mear finansjele romte jaan oan de lokale stjoerder Kanaal 30 yn Burgum. De stjoerder sit no boppe it âlde postkantoar en ferhuzet nei it buerthûs Kiehool.

De ferhuzing moat der ek ta liede dat mear minsken delkomme kinne. It plak boppe it postkantoar is bygelyks net berikber foar minsken yn in rolstoel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)