Utwreiding Damshûs tichterby

29 aug 2011 - 12:45

De útwreiding fan iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets komt hieltyd tichterby. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân hawwe de fergunnings foar de útwreiding goedkard. It museum wol in nij besikerssintrum bouwe. Dêr komt ûnder oare in restaurant en in museumwinkel yn. Fierders komme der ek ekstra parkearplakken by.

Heal septimber nimt de gemeenteried in beslút oer de fergunnings. Yn 2014 moat it nije sintrum klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)