Fersmoarge sleat by Petfood

29 aug 2011 - 12:39
  • Foto: Omrop Fryslân

In sleat by bistefoerfabryk Teeling Petfood yn Feanwâlden is fersmoarge mei fabrykswetter. Dat hat Wetterskip Fryslân fêststeld nei in melding út de buert. It fabryk moat de fersmoarging opromje.

In aksjekomitee yn de buert sjocht yn de fersmoarging it bewiis dat de ynstallaasje foar it skjinmeitsjen fan de reek net goed wurket. It fabryk soe ek noch hieltyd stjonke. It komitee makket him al twa jier ûngerêst oer de útstjit fan it fabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)