Yntroduksje studinten yn Heech

29 aug 2011 - 12:24

Yn Heech wurdt manmachtich wurke om in terrein mei dêrop in grutte tinte droech te krijen en te hâlden. Foar de yntroduksjedagen fan hegeskoalle Windesheim yn Zwolle komme dêr tûzen nije studinten. Se sille de kommende dagen in programma ôfwurkje yn de grutte tinte. It terrein is troch de protten rein tige dridzich wurden.

De studinte-yntroduksje yn Heech makket it minne toeristeseizoen noch in bytsje goed. De studinten sille ek sile op de Hegemermar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)