Sintrumferbod: wer oppakt

In 28-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan snein op moandei op 'e nij oanhâlden om't er yn it sintrum fan de stêd wie. Hy mei him fan de gemeente dêr net sjen litte om't er hieltyd oerlêst feroarsaket. De man is wol gauris ûnder ynfloed fan alkohol en drugs en falt dan minsken lestich. Boppedat stelt er guod út winkels.
De lêste wike is de 28-jierrige man al seis kear oanhâlden. Hy moat ynkoarten foarkomme by de rjochter.