Trochrider yn reade Golf socht

29 aug 2011 - 11:07

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Drachten dêr't de feroarsaker sneintemiddei fan trochriden is. Dat wie op De Hage. In 39-jierrige Drachtster woe dêrwei linksôf slaan de Leidyk op. Fan links kaam in Golf oanstowen. De Drachtster moast útwike mei de auto. Hy kaam yn de berm telâne en rekke in peal. Syn auto hie safolle skea dat er net fierder ride koe.

De bestjoerder fan de Golf is in man tusken de 20 en 25 jier. Hy hat swart stikeltsjehier mei in soad gel deryn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)