Skea Irene falt ta yn New York

29 aug 2011 - 10:03

De skea fan de orkaan Irene falt yn New York wol wat ta. Dat seit Frysk studint Wybren van der Zee dy't dit wykein yn de stêd wie. Irene raasde sneintenacht oer de eastkust fan Amearika. De orkaan soarge foar in soad skea. Yn de stêd New York binne bakken wetter fallen en der binne in protte beammen omwaaid. Mar it hie slimmer kind, seit Van der Zee.

Van der Zee docht mei oan in útwikselingsprogramma fan de universiteit fan Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)