Stroetinga wint yn Utrecht

28 aug 2011 - 18:02
  • Foto: Rudie Ottens

Hurdfytser Wim Stroetinga is snein winner wurden fan de Ronde fan Midden-Nederlân. Hy kaam solo oer de finish op de Utrechtske Maliebaan. Mei de winst nimt er revâns op syn twadde plak fan ferline wike yn de Food Valley Classic.

De Ronde fan Midden-Nederlân gie snein oer goed 200 kilometer. De wedstriid hie in soad falpartijen troch in minne waar. Stroetinga koe yn de finale út in kopgroep wei sprinte, neidat eardere oanfallers werompakt wiene

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)