Fernielings by De Wartenster

28 aug 2011 - 14:19

Fandalen hawwe sneontenacht op de oprit fan aktiviteitebuorkerij De Wartenster by Warten saken fernield. It giet ûnder oare om in keunstkeal en flaggen. De entree fan it bedriuw wie ferline wike krekt fernijd. It wie sneon hûndert jier ferlyn dat de famylje Nauta op de pleats kaam. Eigner Jacob Nauta hie alle minsken dy't ea wat mei it bedriuw te krijen hiene, op de pleats útnoege.

Nauta slút net út dat de fandalen earst op de Wurdumer Merke west hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)