Dijkema wint WK seineharjen

Rolf Dijkema sit rjochts foaroan (foto: Auke Veenstra)
Rolf Dijkema (28) út Drachten is sneon yn Surhuzum wrâldkampioen seineharjen wurden. Dat wie op de Spulwikemerk. Dêrtroch luts it kampioenskip aardich wat folk, It WK seineharjen hie dit jier sechstjin dielnimmers en dat is mear as ferline jier.
Mei it seinjeharjen moatte de dielnimmers de seine skerp meitsje. Dat dogge se troch mei in hammer op it izer te tikjen. It izerblêd mei net te tin wêze en der meie ek gjin ribbels yn komme.