'Alde grienterassen suverder'

28 aug 2011 - 13:08

It is fan grut belang dat âlde rassen lykas de Kollumer earte bewarre bliuwe. Dat sei foarsitter Waalkens fan de Waadgroep sneon op de Biltse Oogstdagen. De Waddengroep oerlange dêr it Waadgoudsertifikaat oan de Kollumer earte.

De suverheid fan in soad griente- en fruitrassen stiet ûnder druk, seit âld PvdA-Twadde-Keamerlid Waalkens. Dat komt troch genetyske manipulaasje. It is wichtich dat weromfallen wurde kin op 'e kwaliteiten fan âlde rassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)