Drokte by bliksembefeiliging

27 aug 2011 - 15:31

Bliksembefeiligingsbedriuw Van der Heide yn Kollum hat it drok mei de oanlis fan befeiliging tsjin it wjerljocht. Dat komt benammen troch de stellerij. De befeiliging is makke fan koper en dat is op 't heden djoer. Twa meter kopertried smyt 6 euro op.

Om de stellerij tsjin te gean hat Van der Heide in nij systeem ûntwikkele. Dat slacht alarm as it tried trochknipt wurdt. Nei in pear moannen testen is it systeem no klear foar de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)