Min waar kommendeweis

27 aug 2011 - 14:32

Fryslân hat de kommende oeren te krijen mei min waar. Waarman Piet Paulusma foarseit swiere rein- tongerbuien en wynstjitten. Yn it Iselmar- en Waadgebiet kinne wyn- en wetterhoazen ûnstean. Oan it begjin fan de middei waarden op de Waadsee al fiif wetterhoazen sjoen yn 'e buert fan Flylân, Skylge en Harns. Trije dêrfan rekken mei de slurf it wetter.

Piet Paulusma warskôget wettersporters foar min waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)