Frontale botsing by Warten

By in frontale botsing op de Stukenwei by Warten binne freed twa minsken ferwûne rekke. In man (48) út Wergea rekke mei de auto oer de kop neidat er yn botsing kaam wie mei de auto fan in in 42-jierrige doarpsgenoate. De frou moast útwike foar in tsjinlizzer, ferklearre se letter.
Omstanners hawwe de man út de auto weihelle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. It 6-jierrich famke fan de frou is mei pine yn de nekke ek nei it sikehûs brocht.