Dielnimmers Kennedymars werom

27 aug 2011 - 09:43
  • Oankomst fan de dielnimmers (foto's: Omrop Fryslân)

De earste dielnimmers oan de Kennedymars Fryslân binne sneontemoarn oankaam yn Walterswâld. Freedtejûn om tsien oere binne in pear hûndert kuierders oan de 80 kilometer lange tocht troch Noard-Fryslân begûn.

De organisaasje fan de mars is oant no ta tefreden oer it ferrin fan de kuiertocht. It waar hat de dielnimmers gjin parten spile. Oant seis oere sneontejûn kinne dielnimmers fan de Kennedymars finishje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)