Koperdieven aktyf

26 aug 2011 - 19:53

Der is de ôfrûne dagen rûnom yn de provinsje wer in soad koper stellen. It gie yn de measte gefallen om bliksem-ôflieders op daken fan bedriuwen. By in bedriuw oan De Kuinder yn It Hearrenfean is 1,5 kilometer kabel stellen.

Yn Oentsjerk, Jirnsum en Harns giet it om lytsere oantallen. Yn Easterwâlde waarden de kabels wol fernield, mar der waard neat stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)