Man yn de war driget
De 60-jierrige Frjentsjerter dy't ôfrûne wike oanhâlden waard om't hy in slachboom by it plysjeburo yn Drachten fernielde, is freedtemiddei op 'e nij oanhâlden.
De man frege by in ynstelling oan de Tunen yn Ljouwert om jild. Doe't hy dat net krige, fernielde hy in rút en bedrige in meiwurker. De man joech de yndruk dat er yn de war wie.