Schuil/Nummerdor goed op dreef

26 aug 2011 - 18:30

Beachfollyballer Richard Schuil hat tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor foar in stunt soarge. Op it World Tour-toernoai yn Scheveningen fersloegen se yn de tredde ronde de as earste pleatsten Fijalek en Prudel. Schuil en Nummerdor binne as achtste pleatst.

Schuil en Nummerdor rekkenen yn twa sets ôf mei de Poalen: 21-18 en 21-16. Yn de fjirde ronde moatte de Nederlanners it opnimme tsjin de Russen Semenov en Kosjkarev.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)