Coffeeshop trije moanne ticht

Coffeeshop Flower Power yn Ljouwert moat fan sneon ôf trije moanne ticht. Dat hat de rjochter bepaald. De saak hat minderjierrige deryn litten en dat mei net. De advokaat fan de coffeeshop hie it beslút fan de gemeente oanfochten om't trije moanne ticht neffens him te fier giet. De rjochter seit dat soks wol reedlik is.
De gemeente is bliid mei de útspraak. De advokaat hat oankundige mei in nij fersyk te kommen om de saak dochs iepen te hâlden.