Mei sân boartsje by grut plein

Jennifer en Celina oan it skatgraven by it Drachtsterplein
Omdat it Drachtsterplein yn Ljouwert de kommende moannen ien grutte sânbult wurdt krigen bern fan it Aldlân freed de kâns om yn dat sân te skatgraven. Folwoeksenen mochten mei help fan keunstners midden op it plein in grutte 'frij-baan-liuw' bouwe, dy't in pear moannen lizzen bliuwe sil.
Mei de sânhappening wol de gemeente Ljouwert de buert posityf belûke by de grutte ombou-operaasje. Hjirby is in soad sân nedich, omdat it nije plein ferhege oanlein wurdt.