Assaidi wol nei oare klup

26 aug 2011 - 14:19

Hearrenfeanspiler Oussama Assaidi wol op syk nei in oare klup. Dat befestigje minsken om de spiler hinne. De Marokaanske ynternasjonal hat syn saakwaarnimmer Hakim Slimani oan kant set foar Mino Raiola. Dy behertiget ûnder oare saken fan topspilers lykas Mark van Bommel en Zlatan Ibrahimovic.

Assaidi is no dwaande mei syn tredde seizoen by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)