Dochs jild skoalreedriden

26 aug 2011 - 13:57
  • Argyffoto Omrop Fryslân

De gemeente Skarsterlân stekt dochs jild yn it skoalreedriden foar de groepen 7 en 8. Earst seach de gemeente dat as in taak fan de âlden lykas skoalswimmen. Mar der is jild kaam fan it Nationaal Actieplan Sport en Bewegen en dêrom hat de gemeente no dochs jild beskikber foar reedriden.

De gemeente jout 2100 euro, goed foar trije euro it bern yn groep 7 en 8. De skoalle en âlden moatte dan noch 10 euro betelje, sadat de bern fjouwer kear ride kinne op Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)