Werljocht slacht gat yn A7

26 aug 2011 - 13:44
  • Gat yn A7 troch wjerljocht (foto: Omrop Fryslân)
  • Links de file op de A7 nei de ynslach

Op de A7 by ferkearsplein De Jouwer is freed in gaos ûntstien neidat it wjerljocht ynslein wie yn twa ridende auto's. De ynsittenden rekken net ferwûne. Sy doarden de auto net út. Dêrtroch ûntstie in lange file. Troch it wjerljocht is in gat yn de dyk ûnstien. Dêrtroch is noch mar ien riidbaan beskikber.

De tongerbuien wiene foarsein. De plysje warskôget om foarsichtich te wêzen. Wettersporters kinne mar better net it wetter opgean

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)