Roemeense pakt foar heling

26 aug 2011 - 10:31

In Roemeenske frou is tongersdei yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan trochferkeapjen fan stellen guod. Se hie guod yn 'e hûs dat nei alle gedachten fan wenningynbraken oan de Warreboskleane en de Grinzerstrjitwei yn Surhústerfean komt. It giet om sieraden, spulkompjûters, dvd-spilers en oare elektroanika. De plysje tinkt dat it spul stellen is.

Earder waarden ek al twa Roemeenske manlju oanhâlden yn 'e saak. De plysje siket no noch ien ynbrekker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)