PVV: referindum weryndieling

De PVV-steatefraksje wol dat der in referindum komt oer de weryndieling fan Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Dat moat dúdlik meitsje oft der draachflak is foar de nije situaasje. Deputearre steaten beslute fan 't hjerst oer de weryndieling. It referindum soe dêroan foarôf gean moatte, fynt de PVV.
De gemeentefúzje falt fan rykswege ûnder minister Donner. Hy fynt ek dat der draachflak wêze foar in gemeentlike weryndieling.