'Gjin nije kap op rompmûne'

(foto: Omrop Fryslân)
It plan om wer in kap mei wjukken op de âlde feanpoldermûne by de Tynje te pleatsen is gjin goed idee. Dat fynt de Fryske mûne-saakkundige Frank Terpstra.
De feanmûne is yn 1856 boud en yn 1911 is de kapkonstruksje der ôfhelle. Terpstra fynt dat de besteande rompmûne folle better restaurearre wurde kin. Dêrneist soe de heal miljoen euro foar de kap en de wjukken folle better brûkt wurde kinne foar it opknappen fan oare Fryske mûnen.