Tsjuster yn parten Skarsterlân

25 aug 2011 - 21:38

Parten fan Terkaple, De Jouwer en Eagmaryp sitte al dagen yn it tsjuster. De strjitferljochting is dêr út. De gemeente Skarsterlân hat yntusken 13 meldings krigen fan tsjustere diken en strjitten, mar wit net wêr't it probleem leit.

Op it stuit wurdt der wurke oan in oplossing foar it probleem. Der hawwe neffens de gemeente noch gjin ûngemakken west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)