Krisistsjinst hat it smoardrok

25 aug 2011 - 21:30

Hieltyd mear minsken hawwe akute psychiatryske help nedich. By de krisistsjinst fan de GGZ Fryslân hawwe se it smoardrok. Dat hat konsekwinsjes foar de behanneling fan de kliïnten fan de GGZ. Dy kinne minder faak besocht wurde as earder.

Sûnt it begjin fan de ekonomyske krisis, yn 2008, hat de GGZ-Fryslân sa'n 10 persint mear helpfragen. It giet dan bygelyks om relasjonele problemen of minsken dy't sjogge dat se har bedriuw net ferkeapje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)