Himpkwekerij yn De Rottefalle

25 aug 2011 - 16:21

Yn De Rottefalle hat de plysje tongersdeitemiddei yn in skuorre oan de Buorren fiif persoanen oanholden. Nei it kontrolearjen fan nûmerbuorden fan auto's dy't by de skuorre stiene waard dy troch plysjes besocht.

Yn de skuorre waarden yn twa romten 107 grutte saneamde memme-himpplanten fûn dy't brûkt wurde om stekjes fan te setten. Se binne yn beslach nommen. De fiif fertochten binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)