Depresjes troch minne waar

25 aug 2011 - 12:30

It minne waar fan dizze simmer hat foar guon minsken grutte gefolgen. Se sitte al yn in depresje. Dat komt benammen troch it minne waar mei de tsjustere dagen. De GGZ-Fryslân kin fernimme dat mear minsken in berop dogge op behannelings dy't gewoanwei hearre by de hjerst en winter. It giet dan om ljochtterapy.

De GGZ-Fryslân hat it oer it algemien in stik drokker. Sûnt it begjin fan de ekonomyske krisis is de fraach nei help fan de GGZ mei 10 persint tanaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)