Tsjûgen mishanneling socht

25 aug 2011 - 10:38

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in slimme mishanneling yn it sintrum fan Ljouwert. Dêr waard tiisdeitemoarn betiid in 23-jierrige frou út Ljouwert mishannele by de Javastrjitte. De frou bruts har skouderbonke en rûn bloedútstoartings op.

De plysje hat fuortdalik in 26-jierrige Ljouwerter oanholden op it plak fan de mishanneling, mar wol graach mei minsken yn kontakt komme dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)