Spinder bliid mei Willem II

Foarsitter Pieter Spinder fan Harkemase Boys is der tige wiis mei dat syn klup him pleatst hat foar de twadde ronde fan de KNVB-beker. Finansjeel betsjut dat yn elts gefal in bydrage fan 5000 euro fan it fuotbalbûn. Dêr komme de ynkomsten op de wedstriiddei noch by.
Spinder ferwachtet net deselde taferelen as twa jier lyn tsjin Feyenoord, mar sportyf biedt tsjinstanner Willem II wol mear perspektyf.