Ezel ferriedt himpkwekerij

Troch in losrinnende ezel is de plysje woansdeitemoarn in weedkwekerij yn Koatstertille op it spoar kaam. De ezel rûn op de Rykswei doe't de bewenner net thús wie. Plysjeminsken fongen it bist en brochten him werom nei hûs. Doe't se op it hiem wiene hearden se it lûd fan fentilatoaren en rûkten se in sterke himplucht.
Yn in loads achter de wenning ûntdutsen se in kwekerij mei 685 planten. Der waard yllegaal stroom ôftape. De kwekerij is ferneatige.