Grutte liuw op Drachtsterplein

24 aug 2011 - 21:48

It Drachtsterplein yn Ljouwert feroaret dizze wike yn in stjer-rotonde. Yn ferbân mei de grutte renovaasje fan it plein sil dat oardel jier sa bliuwe. De wurksumheden binne al in pear wike oan de gong, mar freed is der dochs in bysûnder momint. In sân-keunstner sil midden op it plein in liuw, de maskotte fan Leeuwarden Vrij Baan, yn it sân meitsje.

Tagelyk meie bern yn in grutte bult sân sykje nei edelstiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)