Nijbou by strân Warkum

24 aug 2011 - 21:09

Aquaresort It Soal hat plannen foar in grut appartemintekompleks by it strân fan Warkum. It resort hat no allinnich in kemping en in jachthaven oan de Iselmar, mar de bedoeling is om dat flink út te wreidzjen.

Op it heden komme der allinnich yn it heechseizoen toeristen nei de kemping. It Aquaresort hopet mei dit plan it hiele jier minsken te lûken. Neist in appartemintekompleks moat der ek in hotelfoarsjenning komme en meardere winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)