Twadde list beslikke op PC

24 aug 2011 - 17:57

De heale finale op de frouljus-PC giet tusken de partoeren fan Margriet Koelmans en dat fan Marije Hiemstra. De lêste partij op de twadde list gie tusken it partoer fan Lisette Wagenaar en dat fan Joukje Kuperus. It partoer fan Wagenaar wûn mei 5-1 en 6-0.

It partoer fan Joukje Kuperus fielde him swier beneidiele troch skiedsrjochter Dijkstra. Dy bepaalde op 4-1 en 6-6 dat de keats net foarby wie. De keatsers woene mjitte, mar dêr woe Dijkstra neat fan witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)