Wurk oan nije brêge Wâldsein

24 aug 2011 - 15:10

Mei it lizzen fan it dek fan de nije Wellebrêge is it wurk oan de rûnwei om Wâldsein hast klear. Der komme 28 betonnen lizzers fan goed 50 ton elk oer it wetter. Dat komt krekt om't de brêge yn in hoeke fan 45 graden leit.

Twa âlde brêgen wurde sloopt en dêrmei kin it ferkear noch flugger fan Snits fia Wâldsein nei Balk. Wâldsein is wiis mei de rûnwei mar der is noed oer ekstra ferkearsdrokte. De definitive rûnwei moat foar de winter klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)