Partoer Osinga ek nei 2e list

24 aug 2011 - 13:57
  • Partoer Osinga (yn blau) wint fan trio Van der Veen

It partoer fan Sjoukje Visser hat woansdei op de frouljus PC yn Weidum de twadde list helle. De winner fan ferline jier wie mei Maaike Osinga en Aukje van Kuiken te sterk foar it partoer fan Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra.

De debutanten lieten har net samar fan it fjild slaan. It wie in spannende wedstriid dêr't alles úteinlik oan de hang kaam, 5-5 en 6-6 dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)