Brêge by Driewegsluis stikken

De brêge oer de Linthorst Homanslús by Driewegsluis by Nijetrine is stikken. De silinder dy't de brêge omheech bringt, is lek. Der is in nije silinder besteld, mar dy moat op maat makke wurde. Dat duorret sa'n fjouwer wiken. Oant dy tiid bliuwt de brêge ticht.
It ferkear kin der wol oerhinne ride, mar boaten kinne de slús net langer brûke. Dy moatte no fia de âlde Driewegslús. Der is gjin sprake fan fertraging.