Wurk oan dyk Frjentsjer-Harns
Oan de grutte dyk tusken Frjentsjer en Harns wurdt wurke. Rykswettersteat is der woansdei mei begûn. It wurk duorret oant en mei freedtemoarn. Der is ien rydstrook beskikber foar it ferkear.
De oprit Frjentsjer is tongersdei de hiele dei en de nacht ticht. It ferkear wurdt omlaat fia de ôfslach nei Dronryp. Fanwege it wurk oan de dyk meie auto's net hurder ride as 70 kilometer yn de oere.