Georgyske winkeldieven oppakt

24 aug 2011 - 10:38

De plysje op It Hearrenfean hat tiisdei fjouwer Georgyske winkeldieven oanhâlden. In meiwurker fan in winkel trappearre ien fan de mannen en gie achter him oan. De plysje hâlde de dief yn de Kuijperstrjitte oan. Hy hie in soad stellen kosmetika by him.

Yn de omkriten koe de plysje noch trije mannen oanhâlde. It giet om mannen fan 25 oant 35 jier. Yn har auto is in rêchsek mei stellen guod fûn. De bút hie in wearde fan goed tûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)